Fryslân DOK: Boer sûnder grinzen (diel 3)
Автор: Omrop Fryslân
Загружено: 2011-07-04
Просмотров: 31142
Minne Lettinga - 56 jier - is ikkerbouwer en ien fan de inisjatyfnimmers fan it ynvestearringsfûns Frisian Investors. De ôfrûne maaitiid hat hy besletten om in part fan syn bedriuw te ferkeapjen. De wichtichste reden is dat hy gjin opfolger hat. Syn ideaal hat altyd west om grutskalich te buorkjen en om't syn pake altyd sein hat dat je it bêste yn grûn ynvesteare kinne, hat hy him deryn ferdjippe om earne oars wer grûn te keapjen. Syn kar is fallen op Roemenië. Mei noch seis Friezen ha se al 700 hektare grûn oankocht en wolle se úteinlik 4000 hektare hawwe. Fryslân DOK gie mei nei Roemenië dêr't we in pachter en twa Nederlânske boeren opsocht ha. Ek ha de Friezen yn gearwurking mei de Nederlânske ambassade yn Boekarest in dei organisearre foar de Nederlânske boeren yn Roemenië. De dei wie in súkses om't der ûnder de boeren in grut ferlet blykt te wêzen om harren ûnderfinings yn Roemenië meielkoar út te wikseljen.
Доступные форматы для скачивания:
Скачать видео mp4
-
Информация по загрузке: